Sietse de Vries is noch altyd op syk nei in donornier: "Ik gean no hurd efterút"

02 jan 2019 - 07:13

Nierpasjint Sietse de Vries fan De Westereen siket noch hieltyd nei in donor dy't in nier oan him ôfstean wol. Hy is al hast twa jier dwaande mei syn syktocht, mar in nije nier hat De Vries noch altyd net fûn. En dat hat grutte ynfloed op syn libben. "Yn it begjin tocht ik: dit slagget wol, mar ik krij no hieltyd mear twivels."

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Nierpasjint Sietse de Vries fan De Westereen hie goeie hoop, nei't de nije donorwet dertroch kaam begjin foarich jier. In jier dêrfoar die er al syn oprop foar in nierdonor, ek by Omrop Fryslân. Der is wol in donor dy't him oanmelde nei syn oprop, mar de bloedgroepen kamen net oerien. Yntusken is it twa jier letter en hat De Vries noch altyd gjin nije nier.

Mear twivel

Ferskate kearen yn 'e wike moat De Vries nei it sikehûs om dialisearre te wurden. Hy docht der alles oan om sa fit mooglik te bliuwen. "Ik besykje noch alles te dwaan om fit te bliuwen. Ik bin ek noch trije dagen oan it wurk, mar myn gestel giet hieltyd mear efterút. Ik bin in trochsetter, mar ik fernim sels ek wol dat ik fysyk en geastlik hieltyd minder wurd. Yn it begjin tocht ik: dit slagget wol, mar ik krij no hieltyd mear twivels."

Grutte ympakt

Krekt foar it ein fan it jier hie De Vries hope op goed nijs. "Ik tocht miskien fanwege de krystgedachte dat der wol mear reaksjes komme soene, mar dat wie net sa. Wy gean no aanst it tredde jier yn en it moat no wol hast komme, want it hat in hieltyd gruttere ympakt op myn libben."

Harkje nei Sietse de Vries

Oanmelde as donor?

Wolle jo jo oanmelde as donor foar Sietse de Vries? Nim kontakt op mei Omrop Fryslân of lit in persoanlik berjochtsje efter op de Facebookpagina fan Sietse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)