Fochtelers ûntfange nepbrief oer ôffalferwurking yn gemeente

In gemeentebrief dy't de ynwenners fan De Fochtel krigen ha, is nep. Dat seit de gemeente Eaststellingwerf. Yn de brief wurdt praat oer it nije systeem rûnom ôffalferwurking, Diftar+, dat op 1 jannewaris yngong is en wêrfoar't de konteners yn de gemeente de ôfrûne tiid ynspektearre wêze soene.
Jiskewein weaget de konteners by it leegjen © Omrop Fryslân
Ut dy ynspeksje soe bliken dien ha dat de kontener fan de persoan dy't de brief krijt net mear oan de easken fan it nije systeem foldocht. Dêrom moatte se in nije bak fan 150 euro keapje. Oft en hoe't de ynwenners dat bedrach betelje moatte, wurdt yn de brief net dúdlik makke. Under de brief stiet in hanteken en de namme fan de wethâlder Fimke Hijlkema, dy't trouwens ferkeard skreaun is: Femke Hielkema.
De gemeente Eaststellingwerf tinkt dat it om in âldjiersstunt fan de lokale aktiviteitekommisje giet. Foar de wissichheid ferwiist de gemeente fia social media en de webside nei de korrekte ynformaasje oer it ôffalsysteem.