Nei 40 jier ha fysioterapeuten Piet en Irene Boelens mear tiid foar wat oars

01 jan 2019 - 22:34

Piet en Irene Boelens mei yngong fan dit jier 'net-praktisearjende' fysioterapeuten. Goed fjirtich jier ha se mei har twaen in praktyk hân yn Kollumersweach, mar dy wie op âldjiersdei foar it lêst iepen. No binne se dus frij. "Dat begjint op 2 jannewaris eins, want op nijjiersdei ha we altyd frij west", seit Piet Boelens.

Piet Boelens - Foto: Piet Boelens

Hoe't it is om aanst sûnder praktyk te sitten, dat litte Piet en Irene Boelens mar op harren ôfkomme. "Ik ha 40 jier oan it wurk west, Irene sels 42 jier. Op himsels binne we der klear foar. We ha allegear saken ôfrûne. Alle pasjinten ha in nije fysioterapeut. Dy wurde yn de takomst behannele troch oare praktiken", seit Boelens.

Benaud foar 'it swarte gat' is er net. "Nee, want soks makkest - ast gelok hast - mar ien kear mei. We ha sein: as ik ophâld, dan hâlde we beide op."

Hurdrinne

Mooglik sil Piet Boelens mear te hurdrinnen. Hy is hast 67 jier, mar rint noch graach maratons. Ek dit jier sil er de hurdrinskuon oanlûke: "Foar dit jier steane der trije maratons yn de planning." En hy hat no ien foardiel: "Ik ha mear tiid om noch sekuerder te trainen. Oant no ta moast ik earder it bêd út, foar it wurk op. No kin ik hiel geskikt mominten útsykje om te trainen."

De roots

Fierder is der no mear tiid foar de famylje. "We ha yn Kollumersweach sân bern grutbrocht en der binne ek al wat bernsbern. Ik skat dus yn dat we ús tiid genôch folje kinne."

De praktyk steat te keap. Piet en Irene sille nei Ljouwert ta ferhûzje. "Dêr lizze ús roots. We geane dus in hiel bysûnder jier temjitte."

Piet Boelens

(Advertinsje)
(Advertinsje)