Gjin iis yn Warkum, mar wol in koartebaanwedstriid: drave troch it wetter

01 jan 2019 - 21:23

It wie eins wat in ludike aksje fan de iisklup yn Warkum, mar it waard in sukses mei in soad publyk: it earste kampioenskip koartebaan op de fernijde iisbaan. Omdat der gjin iis leit, moasten de dielnimmers sa'n hûndert meter troch it wetter drave, yn stee fan ride op redens. Mear as tritich dielnimmers melden harren foar de start. En der kamen sa'n 300 taskôgers op it nuvere evenemint ôf.

"Foar ús wie it wat in gok", sei Sander Bouma fan de organisaasje. "We gongen der al fan út dat der gjin iis lizze soe." Dochs moast it trochgean. "We binne hjir yn Warkum al twa jier dwaande mei in fernijde iisbaan. En der binne sa'n protte minsken belutsen by dit terrein, dus we woene it op in ludike manier iepenje."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It publyk en de dielnimmers wiene yn alle gefallen entûsjast. "It is even wat oars as deryn dûke", sei ien fan de taskôgers. In oar fûn it "prachtich om te sjen" en "wat aparts, krekt wat foar de iisklup fan Warkum".

As iisklup ha we leaver iis, mar dit fine we ek geweldich.

Organisator Sander Bouma

Lang duorre it net. Bouma: "In healoerke, dan is it ek alwer foarby. Mar wat in geweldich evenemint hiene we, we ha derfan geniete. As iisklup ha we leaver iis, mar dit fine we ek geweldich. En wát in minsken!"

De winners by de mannen en de froulju gongen mei in fersulvere brijleppel nei hûs.

De winners: Jorrit en Inge - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)