Stroetinga: "Moai as ik 80 bin: sân Nederlânske titels op de skoarstienmantel"

01 jan 2019 - 20:35

"Als ik aanst 80 bin en ik sit yn it bejaardehûs, is it toch wol moai dat der sân Nederlânske titels op de skoarstienmantel stean." Arjan Stroetinga wie út de skroeven nei syn Nederlânske maratontitel op keunstiis. Hy wûn yn de sprint fan Sjoerd den Hertog.

"Of dit de moaiste is, wit ik eins net. Ik wit de earste noch en dizze noch, mar dêr tuskenyn ha ik gjin flau idee." Stroetinga pakte de oerwinning, wylst yn de bocht de rivaal fan syn ploech, Gary Hekman, foel. "Mar dêr binne jim allegear mei dwaande, ik hielendal net. Wat hy fynt, dêr lis ik gjin nacht wekker fan."

Better twadde en tredde wurde op al dy oare cupwedstriden, as je dan hjir mar winne.

Arjan Stroetinga

De ploech fan Jillert Anema hie eins twa plannen. "Of we sieten mei twa man mei yn in kopgroep of we lieten it oankomme op de sprint. Dêr hie ik eins ek wol fertrouwen yn."

It hiele seizoen wist Stroetinga, de rekôrhâlder Nederlânske titels, noch gjin wedstriid te winnen. No wol. "Je kinne better twadde en tredde wurde op al dy oare cupwedstriden, as je dan hjir op it NK mar winne."

"Kom mar op, kom mar op"

Jillert Anema woe eins dat syn riders de wedstriid hurd meitsje soene. "Ik woe dat se fuortride soene. Mei Bob de Vries of Jorrit Bergsma bygelyks. Mar as se dan in gatsje hiene, dan gong de hânrem der op. Dus hiene we soks fan: jim wolle sa graach tsjin us sprinte? Kom mar op, kom mar op. No, dat ha we sjen litten."

Anema siet mei syn langebaanploech lang sûnder haadsponsor. "Dat hat wol wat mei de ploech dien." Boppedat hiene se noch mar ien kear wûn dit seizoen. Nei de oerwinning kamen der dan ek in soad emoasjes los. "Mar ik ha net gûld hear. Ik ha altyd wat in trientsje yn myn each. O ja, no ek. Do dyn sin, ik ha gûld."

Broer Wim Stroetinga ek emosjoneel

Wim Stroetinga wûn dizze wike ek in Nederlânske titel. Twa sels. De baanhurdfytser waard Nederlânsk Kampioen op de ûnderdielen scratch en koppelkoers. Hy geniete sichtber fan de oerwinning fan syn broer. "Dit is echt mooi. Hij was dit seizoen zo onzeker. Ik belde hem deze week nog en zei: 'niet zo onzeker, jongen'. Nu komt het er dan uit. Hij zei vorige week al dat-ie misschien nog nooit zo goed is geweest."

(advertinsje)
(advertinsje)