Arjan Stroetinga foar de sânde kear Nederlânsk maratonkampioen op keunstiis

Arjan Stroetinga hat op nijjiersdei foar de sânde kear de nasjonale titel pakt op it NK maraton op keunstiis. Yn Grins wie de 37-jierrige Fries, nei in swiere wedstriid fan 150 rûntsjes, de rapste yn de massasprint. Topfavoryt Sjoerd den Hertog út Grins waard twadde, Crispijn Ariëns út Wolvegea pakte it brûns.
Arjan Stroetinga
De wedstriid waard hurd makke troch de ploech AB Vakwerk fan kopman Gary Hekman. Dêrtroch bleau alles byinoar en dat is yn it foardiel fan Hekman, ien fan de bettere sprinters yn it peloton. Neidiel foar him wie wol dat syn ploechgenoaten him dêrtroch yn de finale net mear helpe koene en dat er doe it allinnich dwaan moast.

Kopwurk De Vries en Bergsma

In oare grutte ploech mei favoriten, Royal A-ware fan coach Jillert Anema, hie just noch fiif man oer yn de finale. Bob de Vries ried lang op kop en Jorrit Bergsma naam it wurk oer, mei noch trije rûntsjes te gean. Arjan Stroetinga en Simon Schouten hoegden dêrtroch hast gjin wurk te dwaan.
Yn de lêste bocht, doe't Sjoerd den Hertog de sprint al oangien wie, gie Hekman ûnderút. Datselde barde ek al by de massasprint op de NK ôfstannen, ôfrûne wykein op Thialf. Stroetinga fernaam neat fan de falpartij. Hy ried op it lêste rjochte stik hurd nei Den Hertog ta, pakte de kopposysje en stie dy net mear ôf.
Arjan Stroetinga © www.orange-pictures.nl
Simon Schouten, foarich jier noch kampioen, waard fjirde.

Stroetinga rekôrhâlder

Stroetinga wie al rekôrhâlder mei seis titels en dêr komt no dus noch ien by. Hy wie earder de bêste yn 2008, 2010, 2011, 2012, 2014 en 2016.

Earste reaksje

"Ik wist dat ik yn goede posysje siet", sei Stroetinga direkt nei de race. Hy wie ien fan de protte favoriten. "Ik kom hjir om de wedstriid te winnen. As it dan slagget, dan is it geweldich." Foarige wike waard noch sein dat der slyt op Stroetinga sit. "Foarige wike wol, ja. Mar no net mear", sei er mei in knypeach.