Bianca Bakker nei NK-sulver: "Dit it maksimaal helbere"

01 jan 2019 - 18:30

Mear as it twadde plak siet der net yn op it NK maraton op keunstiis, fertelde sulverenmedaljewinneres Bianca Bakker út Wynjewâld. Yn de einsprint wie topfavorite Irene Schouten te rap. "De titel is eins it iennichste wat telt op in NK", sei Bakker. "Mar as je realistysk binne en sjogge hóe sterk oft Irene is, dan is in twadde plak wol it heechst helbere."

Bianca Bakker

Der wie wol in plan om Schouten, dy't har fjirde titel pakte, te ferslaan. "As we fan Irene winne wolle, dan moatte we de sprint oangean foardat sy dat docht", sei Bakker. Mar dat plan wie net mear út te fieren. "Op tsien rûntsjes foar de ein ûntstie noch in kopgroep en dêr sprong Irene hinne. Doe bin ik meisprong: alles of neat. Dat koste my wol in soad enerzjy."

Dêrom wie Bakker ek mear as tefreden mei de úteinlike sulveren medalje. "Ik hie net ferwachte dat ik dit noch koe yn de sprint. Doe't Irene oangong, tocht ik: ik moat sa lang mooglik by har bliuwe, want sels op kop slagget net mear. Dus ik bin bliid dat der gjinien mear oerhinne gong."

Op keunstiis kaam it der noch net út.

Bianca Bakker

De 23-jierrige Bakker die al earder fan har sprekken op natueriis, mar kin no dus ek op keunstiis mei de bêsten mei. "Foarich jier wûn ik al yn Sweden, mar op keunstiis kaam it der noch net út", fertelt se. "Ik hie wol de snelheid, mar ik koe net goed posysje kieze en dêrtroch kaam ik net echt by de top."

Wat is der dit jier dan feroare? "Myn ploechgenoaten sette my faak perfekt ôf. Mei myn snelheid kin ik it dan faak gelokkich ôfmeitsje foar in plak op it poadium."

Haaddoel leit op de Weissensee

Ek dit jier sjocht Bakker wer út nei de wedstriden op natueriis. "Myn haaddoel leit op de Weissensee. Ik ha ôfrûne simmer, mar ek dizze winter noch, in protte oeren op de fyts makke. Dus ik hoopje echt dat ik op de 200 kilometer-wedstriden ek goed bin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)