Sulver foar Bianca Bakker op NK maraton op keunstiis, Kamminga tredde

01 jan 2019 - 17:01

Bianca Bakker fan Wynjewâld is op nijjiersdei yn Grins twadde wurden op it NK maraton op keunstiis. Yn de massasprint wie allinnich topfavorite Irene Schouten, út de ploech Royal A-ware fan coach Jillert Anema, rapper. It brûns gie nei Manon Kamminga fan It Hearrenfean.

Bianca Bakker

Yn de 100 rûntsjes wiene der ferskate oanfallen, mar it slagge noait in groepke om echt fuort te kommen. Ek net it groepke mei dêryn Schouten, goed tsien rûntsjes foar de ein. Yn de finale diene Elise Dul en Carien Kleibeuker, dy't snein noch sulver pakte op de NK ôfstannen, it wurk foar Schouten.

De topfavorite út Andijk gie in heal rûntsje foar de finish oan en wie folle rapper as de konkurrinsje, ûnder wa dus Bianca Bakker en Manon Kamminga.

Manon Kamminga2

Schouten joech de credits oan Kleibeuker: "Ik was niet super in deze race" sei se nei ôfrin. "Carien verdiende deze titel meer. Ze heeft echt heel goed gereden en alles voor mij gedaan, evenals mijn andere ploeggenoten. Maar om op deze manier te winnen, heb je een sterke eindsprint nodig en die heb ik, maar Carien helaas niet."

Irene Schouten lit de konkurrinsje fier efter har - Foto: www.orange-pictures.nl

Foar de 26-jierrige Schouten is it al de fjirde nasjonale titel op rige. Dit seizoen hat se oan njoggen maratons meidien en dy hat se ek allegear wûn. Schouten wûn snein ek de massastart by de NK ôfstannen yn Thialf, foar Marijke Groenewoud fan Hallum.

Allinnich Atje Keulen-Deelstra fan Jirnsum wûn it NK maraton faker as Schouten. Yn 1975, 1976, 1977, 1978 en 1980 wie de Friezinne de bêste.

Lêste Fryske winner

Rixt Meijer bliuwt de lêste Friezinne dy't de nasjonale titel pakte op de maraton. Sy wûn yn it seizoen 2012/2013.

(Advertinsje)
(Advertinsje)