Plysje Ljouwert drok mei mishanneling, fjochterij en drankrider

De plysje fan Ljouwert hat op nijjiersdei in 37-jierrige man oanhâlden foar mishanneling fan in frou. De 31-jierrige frou flechte om 10 oere moarns út har wenning oan de Oldegalileën. Se wie mishannele. Der is fuort oanjefte dien en in ûndersyk úteinset. De helpferliening foar de frou is opstarten. Se wurdt opfongen.
It plysjeburo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op âldjiersjûn hat de plysje fan Ljouwert yn Goutum fiif ynsitters fan in auto, tusken de 15 en 21 jier, oanhâlden om iepenlike geweldpleging. De auto ried op de Buorren yn it doarp hast ien fan de fuotgongers oan. Dêr ûntstie spul oer. In 19-jierrige Ljouwerter rekke dêrby ferwûne oan 'e holle. De auto waard dêrnei oanhâlden. It slachtoffer is troch in dokter holpen.

Dronken man útnaaid

In 27-jierrige autobestjoerder út Zwolle naaide yn de nacht fan âld en nij út, nei't er oanhâlden wie op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. Hy waard kontrolearre en it die bliken dat hy foar de tredde kear trappearre waard op it riden sûnder rydbewiis. Boppedat hie er te folle dronken. Doe't hy oanhâlden waard, draafde de fertochte fuort, hy sprong yn in sleat en gie derfan troch. De man waard dêrnei net wer fûn. De - ûnfersekere - auto waard yn beslach nommen.