Jukebox fan Fryske top 100 giet nei De Jouwer

01 jan 2019 - 15:46

De winner fan de Fryske top 100-jukebox is bekend: Jakob Visser fan De Jouwer. Alle stimmers op de Fryske top 100 makken kâns op de jukebox, dy't op 31 desimber fuortjûn waard yn de útstjoering.

Foto: Omrop Fryslân

Visser wie op nijjiersdei by Omrop Fryslân yn de studio, om de jukebox op te heljen. It wie in koart nachtje foar de winner: "It is juster al let wurden", joech er ta. "It wie in oere as 5.30 foardat ik lei."

Mar Visser, dy't ûnderhâldsmonteur is by wynmûnen, is no dus wol de besitter fan dy jukebox.

Foto: Omrop Fryslân

Sjoch foar de folsleine list mei nûmers op Frysketop100.nl.

Trefwurden: 
Fryske Top 100
(Advertinsje)
(Advertinsje)