'Jazeker, jazeker, jazeker, Jolke' op nûmer 60 yn de Dumpert Top Zoveel

01 jan 2019 - 13:58

Dumpert is yn 2018 mei in nij inisjatyf kaam, de Dumpert Top Zoveel. In list wêrby't 'reaguurders' ('sjoggers') stimme kinne op har favorite Dumpert-filmkes. In soarte fan Fryske top 100, mar dan foar Dumpert dus. Fryslân is goed fertsjintwurdige op de list, mei Jolke as heechste Fries.

Foto: Dumpert.nl

Kroechbaas Jolke út Terwispel stiet mar leafst trije kear yn de list. Op nûmer 60 en de klassike Jolke-filmkes steane op 435 & 809.

Fryslân komt op mear plakken werom yn 'e list, mei it filmke Mag ik jou rijden? dat yn Dokkum opnommen is. Dat filmke stiet op plak 21.

Noch mear Fryske bydragen binne der: Pianomeneer los op Leeuwarden Station stiet op nûmer 791.

Us waarman Piet is ek noch werom te finen yn de list op nûmer 1014, dêryn wurdt er oanriden troch in auto.

De hiele list is hjir werom te finen.

Trefwurden: 
Dumpert Jolke
(Advertinsje)
(Advertinsje)