Gearkomste foar ynwenners Moarre-Ljussens nei deadlik ûngelok

01 jan 2019 - 11:44

Yn it doarpshûs De Stikel fan Moarre-Ljussens wie moarns op nijjiersdei in gearkomste foar de ynwenners fan it doarp en eventuele oare belutsenen by it deadlike fjoerwurkûngelok fan âldjiersjûn.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De gearkomste is bedoeld om de ynwenners de mooglikheid te jaan om oer it ûngelok en de emoasjes dêromhinne te praten. Ek is foar dejingen dy't dat wolle slachtofferhelp oanwêzich.

By it ûngelok kaam in 41-jierrige ynwenner fan Moarre om it libben. Yn it doarp is bot emosjoneel reagearre op it ûngelok seit in wurdfierder. Oer de oarsaak fan it ûngelok is oant no ta noch neat bekend.

Stilte en fertriet

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie nijjiersdei yn Moarre. "Hjir hearsket de stilte en it fertriet." Ynwenners kamen yn it doarpshûs by elkoar om it fertriet mei elkoar te dielen. "Minsken wolle net mei de parse prate, it nijs is noch te farsk. Moarre is in lyts doarp, elkenien ken elkoar."

It slachtoffer wenne al sa'n tweintich jier yn it doarp, mei frou en twa bern.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk, wol is dúdlik dat it ûngelok net mei karbid te krijen hat, wol mei swier fjoerwurk. De plysje praat mei tsjûgen.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by it doarpshûs fan Moarre

Meilibjen

Ek de nije ynterim-boargemaster Hayo Apotheker wie by de byienkomst yn it doarpshûs. "It wie goed om mei oan te hearren en mei te fielen. En it wie goed dat de mienskip uting jaan kin hoe slim se dit ûngelok fine. Ik wol ek myn kondoleânsje en meilibjen útsprekke nei de neibesteanden."

Boargemaster Hayo Apotheker oer it deadlike ûngelok yn Moarre

Foto: De Vries Media

Alle festiviteiten dy't yn Moarre en Ljussens op it programma stienen foar âldjiersnacht en nijjiersdei binne ôfsein.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)