Omrop TIP: It bêste fan LF2018
2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018.
Gearfetting fan de moaiste eveneminten
Omrop Fryslân joech dêr rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Fan de reuzen oant it Grut Frysk Diktee en de 8ste dag. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging, mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht.
It bêste fan LF2018 is ien fan de TV-tips foar de feestdagen. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris fan 17.15 oere ôf nochris werom te sjen.
Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.