Jierwiksel: drokte foar brânwacht en op spoedeaskjende help; 15 minsken oppakt

01 jan 2019 - 10:38

De Fryske brânwacht is mei de jierwiksel yn totaal 96 kear útriden om benammen lytse brantsjes te bestriden. Dat docht bliken út sifers dy't de Feilichheidsregio Fryslân tiisdeitemoarn bekend makke hat. Dat binne der aardich mear as foarich jier; doe waard de brânwacht ynskeakele foar 71 ynsidinten.

Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dit jier wie der in tal lytse bûtenbrannen rûnom yn de provinsje. Ek waarden inkelde brannen feroarsake troch fjoerpylken, bygelyks op De Jouwer en yn Frjentsjer. Grutte brannen wiene der mei de jierwiksel lykwols net.

Sikehuzen

Op de spoedeaskjende help fan de Fryske sikehuzen wie it moandeitenacht drok. Dêr kamen yn totaal trettjin fjoerwurkslachtoffers binnen. Ek waarden fiif minsken mei alkoholfergiftiging opnommen. De Dokterswacht Fryslân hie ek in soad te dwaan mei de jierwiksel; sy hawwe moandeitejûn en yn 'e nacht oan 45 minsken direkte help ferliend.

De helpferlieners dy't mei de jierwiksel oan it wurk wiene, koene oer it algemien yn in noflike sfear harren wurk dwaan.

Jan Willem Zwart fan de Feilichheidsregio

Minsken oppakt

De plysje hat moandeitejûn en moandeitenacht yn Fryslân yn totaal fyftjin minsken oppakt. Sy binne ynrekkene foar bygelyks mishanneling, fernieling, mislediging of it besit fan yllegaal fjoerwurk. Benammen op it mêd fan fjoerwurk krige de plysje in soad meldingen: goed 2.700. Minsken hawwe mear oerlêst ûnderfûn as yn oare jierren, fertelt distriktssjef Sylvia te Wierik fan de plysje.

Distriktssjef Sylvia te Wierik fan de plysje

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)