Autobrân oan de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert
De brânwacht fan Ljouwert is op nijjiersdei útriden foar in autobrân. Oan de Willem Loréstrjitte kamen flammen út de motorkape fan in auto.
De brânwacht hat it fjoer yntusken útmakke. Neffens omstanners soe in rút fan de auto fernield wêze mei in stoeptegel, en is der mooglik brânstichting yn it spul. Dat wurdt ûndersocht.