YN BYLD: Fryslân dûkt it nije jier yn

01 jan 2019 - 16:23

Op 29 plakken kin op dizze nijjiersdei yn Fryslân in nijjiersdûk makke wurde. Dat is ûnder oare op de fjouwer Waadeilannen, yn stêden as Ljouwert, Harns en Sleat en doarpkes as Boerum, Mildaam en Slappeterp. Foar it earst kinne minsken ek yn Langelille it wetter yndûke, om 11.00 oere.

Nijjiersdûken

"We willen de saamhorigheid in het dorp vergroten. Eerst hadden we al een mooie kerstboom, nu dus een nieuwjaarsduik", fertelt Wieger Hoekstra fan de organisaasje. "We zitten aan de Tjonger en er is een strandje, dus het was vrij simpel om te organiseren.

Waarme snert

In soad frijwilligers hienen har spontaan oanmeld foar de organisaasje. "We hebben Unox benaderd en we krijgen warme snert. Verder zijn er tenten en vuur. En er is muziek voor de warming-up."

Langelille hat 223 ynwenners. "Gister hadden we 52 aanmeldingen, maar ik verwacht dat er vandaag spontaan meer mensen komen. Ik moet er ook aan geloven. Het zal wel fris worden door de wind denk ik."

It doarp is mei 11.00 oere ien fan de betidere nijjiersdûken. Dat is bewust dien. "De reddingsbrigade moet nog door naar Wolvega."

Wieger Hoekstra fan de organisaasje

74 minsken doarden it oan

Op de Trijesprong yn Langelille ha yn totaal 74 minsken meidien oan de nijjiersdûk. De EHBO wie paraat, mar hoegde net yn aksje te kommen.

Remco de Vries wie by de nijjiersdûk yn Langelille

Op It Amelân hiene se in rekôrtal dielnimmers: 407 minsken diene mei oan de fyftjinde nijjiersdûk dêr. By de nijjiersdûk op Skylge moasten de frijwilligers fan de KNRM yn aksje komme. Net om in dûker, mar om in hûntsje dat fuort like te driuwen. Dy is feilich nei de kant brocht.

Yn Boerum wie it de 21e edysje fan de nijjiersdûk. Dat wie yn it haventsje De Winger. Kollumer Piet Westra joech it startskot. Under it lûd fan in shantykoar giene 50 minsken it wetter yn.

Hoe kâld wie it?

De dûkers koene rekkenje op hurde wyn, sadat it foar it gefoel kâld is. Yn de kustgebieten wie wynkrêft 6, op it Waad sels wynkrêft 8. De temperatueren leine tusken de 5 en 8 graden, mar troch de stoarmige wyn fielde it dus kâlder oan.

De seewettertemperatuer lei tusken de 6 en 8 graden.

Wêr kinst it wetter yn?

Alle nijjiersdûken op in rychje, mei tiden derby. Yn Ljouwert is in nijjiersdûk foar naturisten, by de Griene Stjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)