Formule 1-auto's, noed oer soarch, rollator en I love Fryslân: wer rûnom nijjiersstunts

01 jan 2019 - 09:34

Frijsteat Folgeren stiet bekend om syn grutte nijjiersfiten. Ek dit jier witte se grut út te pakken. Letterlik grut, want der steane mar leafst twa Formule 1-auto's yn Drachten. Mei in echte swart-wyt blokte finishflagge en de plaknammebuorden fan Assen en Zandvoort.

Formule 1-auto's yn Fryslân

"We wolle hjirmei oanjaan dat we de earste Grand Prix yn Nederlân hâlde wolle. Earst yn de Folgeren en dan jouwe we it stokje oer oan Assen, dan hâlde we it yn alle gefallen yn it noarden", fertelt Leon Bouma fan de feriening.

Primeur

En de feriening hat in primeur: de eigener fan it materiaal hat him noch net meld. "De flagge en auto's wurde blykber net mist. De weinen komme beide út Dútslân, en dêr kenne se it fenomeen fan nijjiersstunts net. Oan de fermissing is noch hielendal gjin ruchtberheid jûn en dat wolle we fansels wol graach. Mar helaas, net ien hat him meld, hiel apart." De finishflagge is de offisjele flagge dy't by de TT yn Assen brûkt wurdt.

No de koereurs noch

"Hooplik binne de Dútsers ús goed gezind, it bliuwt in gok. As de opspoaringstsjinst op ús dak komt, dan is dat mar sa. We ha ús bêst dien. En as se har net melde, dan litte we de auto's moai yn it hok stean, oant se har melde. Dan ha we ús eigen raceteam, no inkeld de koereurs noch!"

Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei Leon Bouma

Foto: Jan Bart Hof

'I' yn Aldeberkeap

By de Geitefok yn Aldeberkeap hawwe se de letter 'I' fan 'I love Amsterdam' meinommen út de haadstêd. De letter stiet no op in karre yn it doarp mei dêrachter 'I AM Berkeap'. De letter is op 12 desimber al fuorthelle.

Soarch yn Nyegea

Yn Nyegea hat de âldjiersploech noed foar de soarch. Dêr seit oan it begjin fan it doarp in selsmakke ambulânse mei allegear buorden derom hinne fan alles oer. Se fine dat it hielendal fekeard giet mei de soarch yn Nederlân. En dan ha se it bygelyks oer de sikehûzen dy't fallyt gien binne yn 2018.

Foto: Hendrik Betten

Grutte rollator yn Elslo

De âldjiersploech Vesuvius út Elslo hat in grutte rollator út Landgraaf yn Limburch helle. It is eigendom fan soarchgroep Meander. De rollator fan 7,5 by 2 meter stiet no midden yn it doarp by de kroech. Se wolle hjirmei de oandacht freegje foar de fergrizing en dat de soarch hieltyd minder wurdt.

Yn de nacht fan 17 op 18 desimber is de rollator fan tusken de 600 en 700 kilo ophelle mei in frachtwein. Se ha yn Landgraaf in spandoek ophongen mei de tasizzing dat de rollator wer werom komt. Yn Elslo meitsje de minsken har soargen oer hoe't it komt mei de soarch yn Nederlân. Yn it doarp wenje no al 70 minsken fan boppe de 65 jier.

Sitbank en 'I love Fryslân'-letters yn Haskerhoarne

Yn Haskerhoarne kaam nijjiersdei in hiele grutte sitbank foar it ljocht en de letters fan 'I love Fryslân'. Beide objekten binne efkes 'liend'. Dêrnjonken hat de ploech út it doarp sels noch in fytstunnel makke foar in better fytspaad nei De Jouwer ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)