Kollum: "Goede foarnimmens"

01 jan 2019 - 08:20

"It is in moarntiid lykas alle moarntiden. Dat is te sizzen: jo en ik sille mear út 'e liken wêze as oars. De kombinaasje fan te min sliep, tefolle iten en krekt dat iene glês wat net wêze moatten hie, makket dat ús tastân te ferlykjen is mei in troch in frachtwein platriden hûnedrol. Dy tastân, en de ûnbestimde dagen tusken de krystdagen en âld&nij, soarget derfoar dat in part fan de minskheid mei goede foarnimmens oan in nij jier begjint.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Goede foarnimmens kinne fan alles wêze. Dochs binne dy gear te fetsjen mei ien wurd: better. It libben ferbetterje. It bestean sa feroarje dat jo it maksimale út josels helje. Stribje nei perfeksje. Dat is in opjefte, in striid miskien. Mar wol ien dêr't je help by krije kinne. Stap in boekwinkel yn en rin nei de ôfdieling 'Persoonlijke ontwikkeling'. Dêr stiet in ûnhuerich protte help yn soarten en maten te wachtsjen. Titels as: Dromen, durven, doen; Sterker dan ooit; Ontketen je brein; Hoe je wordt wie je wilt zijn.

De merk fan Selshelpboeken- en metoades is in folsleine yndustry. Al dy boeken belove itselde: do wurdst in winner, do silst alles krije dêr'tst fan dreamst, do joust it libben in skop ûnder de kont en bepaalst dyn eigen bestimming. Problemen binne oars net as stapstiennen nei folsleinens en ultym gelok: pak se oan en los se op.

En dat is no krekt de swierrichheid fan sokke ferlakkerij. It suggerearret datst mei alle problemen dy't harren alle dagen foardogge rêde moatst. Datst dus op in dei wekker wurdst en der in libben sûnder problemen begjint. Dat is net allinne ûnrealistysk, mar ek flauwekul.

As minske hat men in einich libben en sit der in grins oan jins kapasiteiten. Tagelyk ha wy in brein dat ûneinige plannen en ûneinige behoeften hat. It iennichste dat ús dêrom te dwaan stiet, en it iennichste dat wy dwaan kinne, is it libben mei oare wurden treast wêze. Dermei leare om te gean. Dat klinkt stom. Want it hat derfan dat je mei sa'n hâlding sizze: 'Ik wit dat it libben freeslik is, mar ek dat ik der neat oan dwaan kin en jou my der dus by del'.

Dat is lykwols net de goede ynterpretaasje. Der is genôch dêr't je jo net by del hoege te lizzen en net mei om hoege te gean, genôch om te befjochtsjen en tsjin te striden. Mar dat stiet los fan it gegeven dat it libben noait sûnder problemen wêze sil. Dat hat nammentlik altyd sa west. En sil altyd sa bliuwe. En wat de minskheid dien hat is dat treast wêze en dêrmei omgean.

Dêrom sis ik: koesterje dat wat je ha. Genietsje wannear't je mar kinne. Fjochtsje as der ergens foar striden wurde moat. Ferjit net om te laitsjen. En lit dy Selshelpboeken moai op 'e planke stean. Dan is de earste besparring fan 2019 in feit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)