Deadlik slachtoffer Moarre is in man fan 41 jier út it doarp

01 jan 2019 - 08:18

Op âldjiersjûn is yn Moarre in 41-jierrige man út it doarp om it libben kaam. Neffens de plysje is dat nei alle gedachten troch fjoerwurk kaam. De plysje hat guod yn beslach nommen foar fierder ûndersyk.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten wienen om 20.00 oere hinne oproppen nei in melding dat in persoan ferwûne rekke wie oan de Achterwei. Doe't se dêr oankamen, die bliken dat it slachtoffer om it libben kaam wie.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
(Advertinsje)
(Advertinsje)