Op Skiermûntseach kin de ov-chipkaart no ek brûkt wurde

De ov-chipkaart is fan tiisdei ôf, 1 jannewaris dus, yn hiel Nederlân te brûken. It lêste plak fan it lân, dêr't dit noch net koe, wie Skiermûntseach. Dêr is de kaart no ek ynfierd.
In bus fan Arriva op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Foarhinne moasten busreizgers noch in kaartsje by de sjauffeur keapje. Arriva fersoarget it ferfier op it Waadeilân, der binne fiif buslinen.
It ynstallearjen fan de yncheckkastkes koste goed 115.000 euro.