Freoneploech soarget foar grutte fjoerwurkshow yn Broeksterwâld

Yn Broeksterwâld koene de minsken âldjiersnacht by de jierwiksel genietsje fan in grutte fjoerwurkshow. Dy waard yn it sintrum fan it doarp holden op de Ds. Feitsmawei. Hûnderten doarpsbewenners kamen op it evenemint ôf, betocht troch in ploech freonen.
Broeksterwâld set 2019 útein mei sintraal fjoerwurkfeest
De freoneploech woe mei de show de doarpsbewenners ticht byinoar bringe en bydrage oan de feiligens troch mei âld en nij it fjoerwurk sintraal ôf te stekken.
De freonen hiene harren doarpsgenoaten frege in bydrage te jaan fan tusken de fiif en tweintich euro, wêrmei't it spektakel betelle wurde koe. De show duorre goed tweintich minuten en sloech oan. Oanwêzigen reagearren entûsjast.