Jierwiksel yn Fryslân: plysje pakt man op yn Wolvegea

Oaljekoeken, sjampanje en sierfjoerwurk. De tradisjonele yngrediïnten foar âld en nij. Moandei op tiisdei wie it wer safier. Lykas de rest fan de wrâld ferruile ek Fryslân 2018 foar 2019. Hoe ferrûn âldjiersnacht yn ús provinsje? In oersjoch fan wat we oant no ta witte.
Fierwei it slimste nijs kaam út Moarre. Op de jûn fan âldjiersdei waard bekend dat der yn dit doarp in persoan om it libben kaam is. Neffens de plysje wie fjoerwurk nei alle gedachten de oarsaak.
Nei de jierwiksel moast de plysje rûnom yn de provinsje yn aksje komme by lytse kalamiteiten. Dat gie op de measte plakken sûnder problemen, útsein yn Wolvegea. Op de Wiekstraat wie in man agressyf tsjin de plysje, nei't dy tegearre mei de brânwacht in brantsje dwêste woe. De man is meinaam nei it buro.

Ferfiermiddelen yn de brân

By twa oare brannen yn de provinsje moasten twa ferfiermiddelen it ûntjilde. Sa gie in boatsje yn flammen op yn Ryptsjerk en stie in caravan yn ljochte lôge yn Twizelerheide.