Oele Plop stjit 'Cliffs of Moher' fan nûmer ien yn Fryske top 100

31 des 2018 - 23:47

Oele Plop syn missy is slagge. Hy is mei syn debútnûmer 'Ik wie smoar' ferrassend op nûmer ien einige yn de Fryske top 100. Dêrmei wie er dus ek tagelyk de heechste nije binnenkommer yn de list.

Oele Plop stjit 'Cliffs of Moher' fan nûmer ien yn Fryske top 100

Plop hat mei syn stunt Gurbe Douwstra mei it nûmer 'Cliffs of Moher' nei twa jier fan it earste plak stjitten. Douwstra einige dit jier op nûmer twa. Hy wurdt folge troch Die Twa mei 'Fûgels'. Dat nûmer hie yn 2015 noch de heechste notearring.

Lieuwe Paulusma, de echte namme fan Oele Plop, hat altyd sein dat er foar de nûmer ien gie. Tegearre mei syn maat Emiel Stoffers fan De Hûnekop hie er dêrom in reklamekampanje op sosjale media opset. Dy hat dus sûnder twivel fertuten dien.

De Fryske top 100 is dit jier gearstald op basis fan 51.825 stimmen. Dat is in nij rekôr. Ferline jier wie der ek al in rekôr, nammentlik 37.570 stimmen. De folsleine top-10 is hjirûnder nochris nei te lêzen.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)