Sânplaat yn de Waadsee krijt in himmelbeurt
Seehûnesintrum Pieterburen organisearret sneon in grutte himmelaksje midden yn de Waadsee. It sintrum docht dat yn gearwurking mei de skippers fan de Wadstruner en de Noordster.
It is de bedoeling dat de skippen mei sa'n sechtich minsken oan board nei It Rif farre. Dat is in sânbank tusken It Amelân en Skiermûntseach, dêr't in soad fûgels rêste en briede. Ek seehûnen komme dêr om te rêsten en har jongen te smiten.
De dielnimmers oan de himmelekspedysje sille alle smoargens dat út de see oanspield is, oprêde. De inisjatyfnimmers tinke dat der foaral in soad plestik leit. It is foar it earst dat der sa'n himmelekspedysje organisearre wurdt.