Swierferwûne by iensidich ûngelok op de Wâldwei

31 des 2018 - 22:27

Op de Wâldwei (N31) by Drachten is in auto fan de dyk rekke en tsjin in beam riden. Troch de klap soe de ynsitter út de auto slingere wêze. It slachtoffer is swierferwûne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Foto: Srfotografie

It giet om in 26-jierrige man út Emmen.

De helptsjinsten waarden om 21.24 oere alarmearre. Neist de ambulânse en de plysje kaam ek de brânwacht fan Drachten om te helpen. It gie om in iensidich ûngelok. De plysje ûndersiket de tadracht.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Wâldwei
(advertinsje)