Boat sinkt nei brân yn haventsje fan Ryptsjerk

31 des 2018 - 20:46

De brânwacht fan Gytsjerk waard op âldjiersjûn oproppen foar in skipsbrân yn Ryptsjerk. De boat lei dêr yn in haventsje oan de IJpeijsingel. By de brân rekken gjin minsken ferwûne. It boatsje wie net mear te rêden en sonk.

Foto: CAMJO media, Robert Jan Boonstra

De melding fan de brân kaam krekt foar acht oere jûns binnen by de brânwacht. Dy wie der gau by, mar koe net foarkomme dat it skipke folslein ôfbaarnde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

De plysje freget minsken dy't ynformaasje oer de brân ha, kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
brân skip Ryptsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)