Wa binne de favoriten foar it NK maratonriden yn Grins?

31 des 2018 - 19:27

It Nederlânsk kampioenskip maraton op keunstiis fynt tradisjoneel plak op 1 jannewaris. Sportcentrum Kardinge yn Grins is de lokaasje. Wa binne de favoriten?

Troch: Roelof de Vries

Arjan Stroetinga - Foto: Orange Pictures

In lading Fryske kânshawwers by de manlju

As it NK op keunstiis hâlden wurdt, is der ien ding wis: Arjan Stroetinga heart by de favoriten. Stroetinga is rekôrhâlder mei seis oerwinningen. Hy pakte de Nederlânske titel yn 2008 foar it earst en yn 2016 foar de lêste kear. Dit seizoen wol it lykwols noch net sa. Of no ja, kwa poadiumplakken is hy dit seizoen rekôrhâlder, Stroetinga wûn lykwols noch gjin ien kear.

Yn deselde ploech fan Stroetinga sitte noch twa Fryske kânshawwers. Jorrit Bergsma wûn alris yn 2015 en is sjoen syn baanrekôr op de 10 kilometer wer yn foarm. Bergsma sil foaral hoopje op in moaie solo of fuortride mei in lytse groep.

Bob de Vries is krekt as Bergsma en Stroetinga ek âld-winner. De boer fan De Haule belibbe ferline seizoen in olympysk jier, mar liket dit jier foaral 'yn tsjinst fan' te riden. Mar slút him, krekt as syn broerke Bart de Vries, net út. Foaral net yn in wedstriid fan 150 rûntsjes.

Crispijn Ariëns, de Brabânske Fries út Wolvegea, is ek altyd by de les op sokke wedstriden. It seizoen 2017/2018 waard hy útroppen ta maratonreedrider fan it jier.

Om Douwe de Vries no fuort by de kânshawwers te setten, giet miskien wat fier. Hy konsintrearret him ommers foaral op de langebaan. Hy is lykwols it hiele seizoen al yn foarm en wûn op it NK ferrassend de massastart. Kin hy it ek nei 150 rûntsjes ôfmeitsje?

Foto: ANP

Grutte favoryt

Dat is Sjoerd den Hertog. De Grinzer wûn dit seizoen de measte wedstriden: trije. Boppedat liket hy yn de sprint op dit stuit de sterkste. In oare Grinzer dielnimmer is Robert Post. Hy wûn ferline wike foar it earst in maraton. Yn Breda kaam hy as earste oer de einstreek. Krekt as Post is ek Mats Stoltenberg in kânshawwer dy't sterk is yn in race oer 150 rûntsjes.

Gary Hekman kaam dit wykein troch syn rûzje mei Simon Schouten by de NK massastart noch negatyf yn it nijs, mar miskien is hy dêrom ekstra ôfjage op in goed resultaat. As it op in sprint oankomt, is hy de grutste konkurrint fan Den Hertog en Stroetinga. Boppedat wûn Hekman dit seizoen al twa kear. En wat foar Bob de Vries, Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma jildt, jildt eins foar de folsleine Royal A-ware-ploech fan Jillert Anema. Al wûnen se dit seizoen noch mar ien kear.

Set Evert Hoolwerf en Erik-Jan Kooiman ek mar by de kânshawwers. En last but not least de winner fan ferline jier: Simon Schouten. Kaam ôfrûne wykein noch yn botsing mei Gary Hekman, mar is titelferdigener. As hy foar syn eigen kânsen gean mei, is hy kânshawwer. Al sil hy gewoanwei, as it op in sprint oankomt, de sprint oanlûke foar Stroetinga.

Irene Schouten - Foto: Orange-pictures.nl

Ien favoryt by de froulju

We kinne in hiele list mei nammen en kânshawwers neame by de froulju, mar der is mar ien te kloppen frou: Irene Schouten. Yn al har races dat se yn aksje kaam, en dat wiene der acht, wûn se altyd. En dit wykein wûn se ek nochris de Nederlânske titel op de massastart. Faak komt it dit seizoen oan op in massasprint by de froulju. Faak it senario: Carien Kleibeuker lûkt de sprint oan en Schouten makket it ôf.

De grutste konkurrint fan Schouten liket Manon Kamminga. De reedrydster fan de A6.nl-ploech fan ploechliedster Klasina Seinstra wûn dit seizoen twa kear, al wie Schouten dy twa kear der net by. Fierder einige se faak achter Schouten op it poadium.

Wa't ek faak achter Schouten en Kamminga op it poadium einige, is Marijke Groenewoud. Se makket dit seizoen har debút by de Royal A-ware-ploech en sil nei alle gedachten ride foar Schouten, mar kânsen op in medalje hat se seker as se foar har eigen kânsen ride mei.

De ferrassing fan dit seizoen is miskien wol Bianca Bakker fan Wynjewâld. Se waard trije kear tredde en ien kear twadde. Boppedat stiet se achter Kamminga twadde yn it klassemint fan de Maraton Cup. De 23-jierrige Bakker is de sprinttroef foar de ZiuZ-ploech.

Noch in pear Fryske outsiders: Merel Bosma sprinte dit seizoen alris nei in twadde plak en stiet sechsde yn it klassemint. Aggie Walsma fan Boalsert wie ferline seizoen wat faker foaryn te sjen, mar is ien dy't lange wedstriden goed oankin. En Anne Tauber waard al in kear ferrassend tredde. Tauber is foaral bekend as ûnder oare Nederlânsk kampioen mountainbike.

De lêste trije, net Fryske kânshawwers: Lisa van der Geest wûn as ienige njonken Schouten, Kamminga en Lollobrigida in wedstriid yn de Maraton Cup. En Imke Vormeer en Iris van der Stelt binne de nûmers trije en fjouwer yn it klassemint fan de Maraton Cup.

Trefwurden: 
reedriden NK maratonriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)