Plysje krijt autodieven net te pakken

31 des 2018 - 18:33

De plysje is op syk nei in tal minsken dy't yn de nacht fan snein op moandei in auto stellen ha yn Dronryp. De plysje waard ynskeakele neidat it alarm fan in tal auto's ôfgien wie. Doe't se yn it doarp kamen, seagen se in Audi A4, dy't se kontroleare soene. De bestjoerder naaide doe hurd út.

Foto: Omrop Fryslân

De plysje fûn de auto op de Alddyk by Skingen werom, mei de doarren iepen. Yn in sleat waard ek in frouljusfyts fûn, mei de ferljochting noch oan. In syktocht mei speurhûnen smiet neat op. It die bliken dat de auto stellen wie fan de Puoldyk yn Dronryp. De ynsitters fan de auto ha nei alle gedachten de fyts ek brûkt.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha of dy't mear witte oer de stellerij of de fyts, har te melden.

Trefwurden: 
plysje auto Dronryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)