Nijjiersferiening Donkerbroek wol ôf fan slûpferkear

31 des 2018 - 16:48

In slagge stunt fan nijjiersferiening De Nachtdravers út Donkerbroek. Har nijjiersstunt stie yn it teken fan al it slûpferkear dat troch it doarp hinne komt. Moandei stie de haadstrjitte fan it doarp, de Herenweg, fol mei ferkearsbuorden en buorden mei slogans derop. De feriening fynt dat de ferkearssituaasje dêr troch it slûpferkear in stik ûnfeiliger wurden is.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ek stiene de stellen keunstwurken út Lippenhuzen yn de strjitte. Dy hat de groep yn de nacht fan freed 28 op sneon 29 desimber fuorthelle. "It wie noch in hiel wurk. Dat stjitblok foar de tram hawwe we mei 15 man optild en dêrnei op tsjiltsjes set", fertelt foarsitter Sybrand Draaistra.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn Donkerbroek

It slûpferkear wurdt feroarsake troch de wurksumheden oan de dyk tusken Drachten en Easterwâlde. Dêrtroch is it foar minsken út bygelyks Haulerwyk logysker wurden om troch Donkerbroek hinne te riden. De nijjiersferiening hearde út it doarp meardere lûden dat minsken de situaasje in stik ûnfeiliger fine. "Foaral foar basisskoalbern of âlderein is it net feilich mear", seit Auke-Jan van de Belt, ien fan de leden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)