Soargen om leefberheid yn Bakhuzen, Murns en Riis

31 des 2018 - 15:40

De wenplannen fan de gemeente De Fryske Marren pakke desastreus út foar de leefberheid yn Bakhuzen, Murns en Riis. Dat sizze ynwenners fan de trije doarpen. Wenningkorporaasje Wonen Zuidwest Friesland wol it tal sosjale hierhuzen yn Bakhuzen mei fjirtjin werombringe. De gemeente stipet dat.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ut de konsept-wenfyzje fan De Fryske Marren docht boppedat net bliken dat de gemeente him ynsette sil foar de leefberheid yn de wat lytsere doarpen, seit doarpsbelang Bakhuzen Murns Riis (BMR). Doarpsbelang is benaud dat it foaral de jongerein de doarpen útjeie sil.

De trije doarpen binne de lêste jierren drok dwaande om de mienskip aktyf en libben te hâlden. Dat wurdt ûndergroeven troch de wenplannen fan de gemeente, seit doarpsbelang.

It ropt De Fryske Marren op om dy plannen oan te passen, om sa ûntfolking en ferpaupering foar te kommen. Dat kin troch te soargjen foar in passend wenningoanbod en foar wurkgelegenheid, ek bûten de grutte kearnen yn de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)