Fjoerwurk: minder keapers, mear de loft yn

31 des 2018 - 13:39

Nederlanners jouwe dit jier 48 euro de persoan út oan fjoerwurk. Dat is krekt wat mear as ferline jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ING. Der binne wol minder minsken dy't fjoerwurk kocht ha, neffens dat ûndersyk. Mei elkoar giet nei alle gedachten foar santich miljoen euro oan fjoerwurk de loft yn.

Foto: Wikimedia Commons

Der binne wol grutte ferskillen tusken wat minsken útjouwe oan de knallerij. Ien op de trije minsken telt der net mear as tweintich euro foar del. In kwart fan de minsken sjit tusken de tweintich en fyftich euro de loft yn.

En nochris in kwart keapet foar in bedrach fan tusken de fyftich en hûndert euro oan sier- en knalfjoerwurk. Krekt wat minder as in fiifde part fan de minsken jout der mear as hûndert euro oan út.

Skande fan it jild

De measte minsken dy't meidien ha oan it ûndersyk (83%) sizze dat se gjin jild útjouwe oan fjoerwurk. Dêr ha se ferskillende redenen foar. Se fine it skande fan it jild, se binne mei fakânsje, wenje yn in fjoerwurkfrije sône of se meie noch gjin fjoerwurk keapje omdat se noch gjin sechtjin jier binne.

Trefwurden: 
fjoerwurk ING
(advertinsje)
(advertinsje)