Lêste selsstannige dei Radio Middelsé: "Fan moarn ôf noch mear berik!"

31 des 2018 - 13:35

De lêste dei fan 2018 betsjut ek de lêste dei fan de lokale omrop Radio Middelsé yn Stiens. De omrop foar Ferwerderadiel en de eardere gemeente Ljouwerteradiel giet fan takom jier ôf fierder mei stedsomrop LEO. Dat komt om't der neffens de wet mar ien lokale omrop de gemeente wêze mei. Ferwerderadiel giet op yn Noardeast-Fryslân, dus dat gebiet binne se by Radio Middelsé kwyt. Mar dêr komt de stêd Ljouwert no hielendal by.

Lêtste selstannige dei Radio Middelsé

"Fan moarn ôf hjitte we Leo Middelsé. Fierder feroaret der neat hear, we hâlde itselde gebou en de kofje is krekt sa lekker", fertelt frijwilliger Niek Ketelaar. "Mar sa'n dei moatte je wol fiere. We sette wol in punt achter stichting Radio Middelsé."

Der sille mear praat- en aktualiteiteprogramma's komme, om't der mear frijwilligers binne om programma's te meitsjen.

Selde frekwinsje

Sawol Omroep Leo as Radio Middelsé behâlde harren FM-frekwinsje. Op beide frekwinsjes is fan tiisdei ôf wol itselde te hearren. In diel wurdt makke yn Ljouwert, it oare diel sil út Stiens wei de eter yn stjoerd wurde.

De frijwilligers fan Radio Middelsé meitsje noch ien lêste programma

It is de lêste dei foar Radio Middelsé - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)