LIVE: Harkje nei de Fryske top 100!

31 des 2018 - 13:21

De Fryske top 100 fan 2018 is los! Om 13.00 oere is de nûmer 100 draaid: 'De hiele tent giet nei de bliksum' fan De Doelleazen.

Berjochtsjes ynstjoere giet dit jier fia de Omrop-app

Harkers en sjoggers kinne dit jier berjochtsjes ynstjoere fia de app fan Omrop Fryslân. Dy app is te downloaden yn de Google Play Store en Appstore fan Apple.

Der is wol sprake fan in grutte wachtrige, want der komme in soad berjochtsjes binnen. Minsken wurde dan ek oproppen om rêstich te wachtsjen oant harren berjochtsje op telefyzje foarby komt.

Populêr

De Fryske top 100 is populêrder as ea by sawol it publyk, as de Fryske artysten. Op twadde krystdei kaam der in rekôrtal stimmen binnen foar de list mei de bêste Fryske nûmers. Mar leafst 51.825 stimmen, tsjin 37.570 stimmen ferline jier. Der binne dit jier ek 18 nije binnenkommers yn de Fryske top 100, wêrfan twa yn de top 10.

Besjoch de folsleine list, op de nûmers 1 oant en mei 10 nei.

Foto: Omrop Fryslân

Oant krekt nei middernacht is de Fryske top 100 te folgjen op radio, telefyzje en ynternet (Omropfryslan.nl en de Omrop-app). Ek de jukebox giet der út!

Trefwurden: 
Fryske Top 100
(Advertinsje)
(Advertinsje)