Pleats by De Gaastmar is fjoerwurkfrij op âldjiersjûn
Carolien de Jong wennet op in pleats by De Gaastmar en krige in pear dagen lyn ynienen it idee om minsken, en bisten, op te fangen op âldjiersjûn. Elk dy't noch in plakje siket, is wolkom. De buorlju wenje in ein fuort en ek de keet fan de jongerein is kilometers fuort.
"Je leest zoveel berichten over stress bij de dieren, en mensen, door al dat vuurwerk. Wij hebben zo'n mooie plek, waarom zou je die niet delen?" fertelt Carolien de Jong. Se hie ûnder oare lêzen dat ien út Noard-Hollân sels spesjaal nei Frankryk gie om gjin lêst fan de knallen te hawwen.
Yn it ferline hat se wol karbid sketten. "Toen hebben we ons lesje wel geleerd en niet goed opgelet. De honden hadden er veel stress van. Voor de gezelligheid steken we nu wel wat sterretjes af."
Foarbyld folgje
Se hopet dat mear minsken har foarbyld folgje en har hûs iepenstelle. "Volgend jaar begin ik eerder met promoten. Nu heb ik twee dagen geleden een bericht op Facebook gezet."
"Elk is wolkom, al moat it gjin Project X-party wurde," fertelt Ulbe Jan de Jong.
As soan Franke (14 jier) dochs fjoerwurk ôfstekke wol, giet er nei syn maten yn it doarp.