'Us Derek' hat it goed nei it sin yn Marrum

31 des 2018 - 12:05

It earder draafhynder Us Derek stiet sûnt maart by soarchbuorkerij De Seedykstertoer yn Marrum. Hoe giet it mei him?

Derk Buitenzorg - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"It giet poerbêst mei Derek", fertelt eigener Gerben Visbeek. "Hy hâldt fan beweging, yn it lân is er samar yn de rûnte. Der sit wol pit yn." Dat is ek te fernimmen by de oare hynders. "We ha ek in lytse Shetlander, en soms steane beide bisten op de achterste poaten tsjinoer elkoar." Derek harket wol goed nei Visbeek. "Dat is ek wol logysk, want hy krijt fretten fan my."

Bazich

Sûnt koart rydt Femke sa no en dan op Derek. "Hy hat wol in eigen miening, ik moat wol strang wêze." Yn 2019 wol se mear ride. "Je moatte him wol stean, hy is bazich."

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Trefwurden: 
hynder Marrum ús Derek
(Advertinsje)
(Advertinsje)