Hoe is it no mei Sjaak en Anneke? De fonken spatte der noch altyd fan ôf!

31 des 2018 - 11:50

Anneke Krols fan 78 jier út Nijmegen hie in leuke Fryske man troffen yn de trein by Alpen aan den Rijn. Se koene o sa prate en de fonken fleagen oer en wer. Mar nei stasjon Utrecht ha se inoar net wer sjoen en se wiene fergetten om kontaktgegevens út te wikseljen.

Anneke en Sjaak - Foto: Omrop Fryslân

Om de bewuste man te finen, kaam Anneke mei har ferhaal by Omrop Fryslân. En nei in lange syktocht, op radio, telefyzje, ynternet en nei tal fan telefoantsjes kaam in namme boppe wetter: it gie om Sjaak Vermeer fan 79 jier út Ljouwert.

Het was gelijk raak

Op 14 augustus hienen se foar it earst yn de útstjoering fan Muzyk yn Bedriuw kontakt mei elkoar. "Na de eerste date zijn we een stel geworden, het was gelijk raak", fertelt Sjaak.

Se ha ek tegearre de krystdagen trochbrocht, by Anneke yn Nijmegen. "Het was kalm en rustig. Het was mijn eerste kerst samen, na 25 jaar alleen te zijn geweest", fertelt se. Deze was voor ons samen en voor niemand anders." "Het was heel gezellig, heel intiem", follet Sjaak oan.

Foto: Omrop Fryslân, Martine van der Steege

Hoe gie it fierder nei 14 augustus?

"We hebben iedere avond gebeld en afgesproken op 18 augustus. Toen zijn we naar een park in Arnhem geweest. Ik stond heel lang te wachten, want Sjaak stond bij andere uitgang. Ik dacht wel even dat hij me in de steek had gelaten. Maar toen hij me zag, kuste hij me op beide wangen. En bij het oversteken vroeg hij: mag ik je hand vasthouden? Ja graag, zei ik", fertelt Anneke.

Nei in kuier yn it park gienen se kofjedrinken. "Toen ik wilde afrekenen, we zaten aan tafel acht, bleek dat er geen briefje was met tafel acht. Er lag wel een briefje met twee hartjes en een pijl erdoorheen. De serveerster had het ook gezien", laket Sjaak.

En hoe sjocht 2019 derút?

"We leven van week tot week, waarom zouden we plannen, het gaat goed zo. We blijven wonen waar we wonen, we hebben elk zo onze eigen sociale contacten. Het reizen gaat prima", fertelt Anneke.

Foto: Omrop Fryslân, Martine van der Steege
(Advertinsje)
(Advertinsje)