Maarten van der Weijden slút net út dat er 'De Tocht' nochris swimme sil

31 des 2018 - 10:26

Op 18 augustus begûn Maarten van der Weijden mei syn Alvestêdeswimtocht. Op 20 augustus, om trije oere middeis, moast er troch útputting syn tocht stake, mar hy waard as in held út it wetter fan Burdaard helle: mear as 5 miljoen euro hat er mei syn tocht by inoar swommen foar kankerûndersyk. Hoe sjocht er werom op syn barre tocht? En soe er it nochris besykje wolle?

Foto: Kappers Media

Hast der wat fan fernommen datst troch dyn swimmen útgroeid bist nei in 'fenomeen'?

"Ik lag in het water, dus kon het niet goed volgen. Het was waanzinnig warm die drie dagen in Friesland, met zoveel mensen aan de kant", fertelt Maarten van der Weijden.

En datst de tocht net helle hast, is dat slim?

"Het uiteindelijke doel was om geld in te zamelen. De teller staat inmiddels boven de vijf miljoen euro. Dus dat doel is ruimschoots gehaald. Dat de weg ernaar toe met 200 kilometer zwemmen niet is gelukt, maakt me vrij weinig uit."

Is it wol mooglik om de hiele Alvestêdetocht te swimmen?

"Ik strandde nu op 163 kilometer in Burdaard. Ik denk wel dat het mogelijk is. Het doet heel veel pijn, het is naar. Nu was mijn voeding niet de beste, en de nachten in augustus zijn lang. Daar valt nog wel wat te verbeteren, qua voeding dus en in juni zijn de nachten korter, dan is het minder lang donker. Dat zou kunnen helpen. Bovendien is nog een keer heel lang stuk zwemmen haalbaarder, nu ik het al een keer heb gedaan."

Foto: Maarten van der Weijden foundation

Soest it noch in kear dwaan dan?

"Er zijn dagen bij dat ik blij ben dat het hele project klaar is. Er zijn ook dagen bij dat ik, verdorie, wat was het mooi. Zo mooi als dit jaar zal het wel nooit worden, maar als we daar een fractie van hebben, dan kan het voor de kankerpatiënt nog steeds heel veel waarde hebben. Ik ben dankbaarheid voor het leven dat ik heb, dat ik geluk heb gehad. Vanuit die dankbaarheid zou ik nog een poging willen wagen, maar dat ga ik de komende maanden bekijken. Het is meer een mentaal spel dan de vraag of mijn lichaam het nog een keer aan kan. Voor mij was het drie dagen lijden, maar door de actie hoop ik dat het lijden voor anderen, die kanker hebben, kleiner wordt. Dat is het wel waard."

Al it jild is nei KWF Kankerbestrijding gien, dat it jild ferdielt. Guon projekten binne al begûn.

Maarten van der Weijden

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

Yn it nije jier giet Maarten van der Weijden de teäters yn mei in programma oer syn swimalvestêdetocht. Hy fertelt dan wat er ûnderweis field hat en wat syn tinzen wiene. En dat gehiel wurdt begelaat mei muzyk.

Syn allerearste foarstelling is op 12 jannewaris yn Dokkum. Syn lêste foarstelling is yn De Harmonie yn Ljouwert, op 15 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)