Oaljekoekebakker Venema wurket de nacht troch: "We hawwe it rêden"

31 des 2018 - 09:35

"We hawwe it rêden!" De meiwurkers fan Venema Food moasten yn de nacht fan snein op moandei de turbo derop sette, mar it is se slagge om alle supermerken fan Poiesz te foarsjen fan oaljekoeken. De efterstân fan 50.000 oaljekoeken dy't feroarsake wie troch de wettersteuring fan snein koe lykwols net folslein fuortwurke wurde.

Stephan Venema fan Venemafood yn Snits. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De masines fan Venema kinne mar in bepaald maksimum bakke, wat betsjut dat der in kar makke wurde moat. De Poiesz is de wichtichste oaljekoekeklant fan Venema, en dus hiene har bestellingen foarrang. Dat betsjutte lykwols wol dat lytsere klanten wat langer wachtsje moasten en yn guon gefallen wat minder oaljekoeken krigen as earst de bedoeling.

De meiwurkers fan Venema Food hawwe de folsleine nacht trochwurke, en koene moandeitemoarn nei it skjinmeitsjen fan de bakkerij lang om let har bêd opsykje. Nettsjinsteande de steuring en alle gedoch soarget krekt it hurde wurkjen en de teamspirit foar in goed gefoel by Venema. "Wy hawwe it rêden!"

Trefwurden: 
oaljekoeken Venema Food
(Advertinsje)
(Advertinsje)