Fanfarekorps Ons Ideaal bakt 1000 oaljekoeken... mei de boarmasine

31 des 2018 - 08:09

Al fiif jier bakt fanfarekorps 'Ons Ideaal' út Easterwierrum eigen oaljekoeken. Se bakke dit jier mar leafst tûzen stiks.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Om seis oere moarns op âldjiersdei binne se begûn mei it meitsjen fan it besleek, en dat dogge se mei spesjaal ark.

Grof geskut

"We brûke grof geskut en steane mei in boarmasine te miksen", fertelt ien fan de miksers. Dit jier is se by it orkest begûn, op de bugel, en mocht dêrom no ek meihelpe. "Ik fyn it in eare. Se seinen dat ik wol smoarch wurde koe, dus ik ha mar in overal oan dien."

It brûken fan de boarmasine hat de feriening troch "schade en schande" leard. "Earst brûkten we gewoane miksers, mar dy koenen it wurk net oan. Se waarden te hyt. No mei de boar spat it sa no en dan wat, mar it giet sa moai as wat."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It is altyd even slikken

Nei it miksen gienen de amers nei frituerpanne, en ek dat is net samar in panne. "We ha dizze kocht fan in bakker dy't dermei ophâlde", fertelt ien fan de trije bakkers. "Ein jannewaris sil de geur wolris fuort wêze. It is altyd even slikken, mar it resultaat is wol lekker."

In grut part fan it korps sil de bakkers letter op de moarn fermeitsje mei in optreden.

Klupkas

De opbringst fan de ferkeap giet nei de klupkas. "Dat jild wurdt brûkt foar ûnderhâld fan ynstruminten en nije ynstruminten."

De oaljekoeken binne allegear op bestelling. "We bakke wol wat ekstra, mar as hiel Fryslân no delkomt, ha we in probleem."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)