Spesjale speurhûn moat jonge otters sykje

Foar it earst is in speurhûn ynset om otters te finen. En net samar in hûn: in Beierske Berchswithûn is dêr apart foar oplaat. By Aldegea yn Súdwest-Fryslân is it ôfrûne wykein in deasike ottermem fûn. Otterbeskermers gongen op syk nei de jongen en setten dêrfoar dizze jachthûn yn.
© It Fryske Gea
Otterbeskermers hawwe fan elke otter dy't it ôfrûne jier dea fûn waard in geurspoar yn in buiske dien en nei de eigener fan de hûn stjoerd. Dy hat it bist dêr mei traind.
Tusken Aldegea en Heech moast de hûn, dy't noch yn oplieding is, it sûnder sa'n spoar dwaan. De hûn hat lykwols wol spoaren fan otters fûn, mar net de jonge otters. Dy binne mooglik al grut genôch om harsels te rêden. Dochs sil der noch nei socht wurde, seit Harrie Bosma fan de sûchdiereferiening.
It is de bedoeling de hûn faker yn te setten.
Harrie Bosma