Kollum: "Aldjiersdei"

31 des 2018 - 07:22

"Hjoed is it âldjiersdei. Mei stip de dei dêr't ik fan it hiele jier it meast hekel oan ha. Wêr't elkenien al wiken útsjocht nei dy lêste dei fan it jier, soe ik him it leafste oerslaan. Ik fyn der wier neat oan. Mar blykber bin ik de iennige, want as ik dit lûdop sis, sjocht elkenien my oan as dooch ik net.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Sis no sels: it is de lêste dei fan it jier eins altyd skytwaar. Dizich, reinerich, faak jûns ek noch mistich. Ik kin my net in âldjiersdei heuge dat wy in moaie blauwe loft hiene en sa'n lekker wintersintsje der by. Dus moatst dy sa waarm mooglik oanklaaie en der tagelyk toch ek noch in bytsje leuk útsjen. Seker jûns, want dan moat elkenien fan de buert tute wurde.

Dan al dat geknal. Wylst ik dit sis, hear ik hoe ferskriklik 'bejaard' ik no klink. Mar man, wat ha ik in hekel oan dat geknal. Hielendal as it fan dy pubers binne dy't fan dy 'voetzoekers' yn 'e bûse ha. Dy smite se dan presys foar dyn fuotten del, wêrnei'tst dy de pleuris skrikst as sa'n kloateding ôfgiet. Of se smite him yn in wetterput, wêrnei't it putdeksel in heale meter omheech sjit. Superleuk.

Oaljekoeken bakke en ite; ek soks. Sis no sels: in oaljekoek is eins gewoan in hompe fet dy'tst yn 'e mûle stekst. Ien giet noch wol, mar de hiele dei trochkôgje, jasses. Lit stean datst se sels bakke moatst. Dan meurst de hiele dei nei snackbar, hoe faak oftst ek ûnder de dûs stapst.

As it karbidsjitten en it oaljekoekiten dan lang om let klear is, begjint it ôftellen oant it tolve oere is. Mei de hiele famylje op de bank. En mar wachtsje en mar wachtsje. Ik koe der as puber al net oer; dat dit sa ferrekte lang duorre. Eins hie 'k om tsien oere al skjin myn nocht, mar pas nei tolve oere begong dan einliks it feest. Pas dan mochtst op 'e fyts nei it doarp ta en de kroech yn.

Oer de kroech sprutsen. Tsjintwurdich heart dêr op âldjiersdei it Happy Hour by om in oere as fiif middeis. Dan kinst dy in stik yn 'e kraach sûpe foar hast gjin jild. Leuk en aardich, mar ferjit net dat dit betsjut datst om in oere as njoggen al in kater fan hjir oant Tokyo hast. Ik ha alris foar tolven op bêd lein en fan it hiele âld en nij neat meimakke fanwege it sukses fan Happy Hour.

En dan komt it. It is tolve oere en it fjoerwurk knalt de loft yn. Tiid om jawol mei elkenien te tútsjen. Wa't dat oait betocht hat. Datst op elk willekeurich persoan omflybje moatst. De buorman mei syn fiis oranjekleurich smooksnorke dy't syn kâns skoan sjocht en dy plat op 'e bek pakt. Harrejakkes. Dit fyn ik noch wol it allerallerminste momint fan âldjiersdei. Of eins nijjiersdei fansels, teoretysk sjoen.

Ik kin my yntinke dat jim no thús skodholzje en tinke: minske eamelje net sa. Likest wol in âld wiif. Snap ik. Mar sa fiel ik it no ienkear. En alle kearen as ik dit fertel, krij ik in blik fan ûnbegrip. Aldjiersdei is ommers leuk. Gesellich. Lekker knus. Ja ja, ik wit it. Mar sa fiel ik it dus net.

Wy ha no de diskusje oer it ôfskaffen fan simmer- en wintertiid. As it oan my leit, skaffe we ek âldjiersdei ôf. Gjin oaljekoeken, fjoerwurk of gelebber midden yn 'e nacht. Dat we gewoan samar hoepsefloeps 2019 binne. Dat soe pas echt in segen yn it nije jier wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)