Oanpak wettercrassula op Skylge giet in nije faze yn

31 des 2018 - 07:09

Eilanners en eilângasten sjogge de lêste tiid in opfallend soad buizen en pompen yn de dunen lizzen, tusken West-Skylge en Midslân. En dat hat alles te krijen mei in nije faze yn de bestriding fan de wettercrassula. De eksoat driget foar in ekologyske ramp te soargjen op it eilân.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der is dêr hurd yngrepen om dat foar te kommen. Want wêr't wettercrassula sit, krijt de natuer dy't der thús heart gjin kâns mear. Op in grut terrein by Midslân oan See is in grutte laach sân fuorthelle wêrnei't wer skjin sân stoart is.

Gribus fan pompen en buizen

Yn in trijetal wiete dúnfalleien is de besmetting minder grut en wurdt noch neitocht oer de wize wêrop't dêr yngrepen wurdt. It wetter wurdt no wol alfêst fuortpompt wêrtroch't in no wat in gribus is fan pompen en buizen. De legere wetterstân makket it wurk makliker en it giet de fersprieding tsjin fan de wettercrassula.

Omdat it eilân sunich omspringe moat mei it swiete wetter wurdt noch nei in oplossing socht om wer wetter yn de dunen werom te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Boskwachter Remi Hougee

Steatsboskbehear krijt net folle fragen oer de buizen en pompen. "Dat valt mee, we zijn dagelijks aanwezig in het gebied om ervoor te zorgen dat mensen niet het gebied ingaan, dan kunnen we op de vragen ingaan, en er staan borden met informatie. En op de boot van Doeksen kunnen mensen een artikel lezen over waarom we dit doen", fertelt boskwachter Remi Hougee.

Konkurrint

De wettercrassula is in konkurrint foar oar libben en moat dêrom bestriden wurde. De buizen pompe no it wetter fuort. "We willen een lage waterstand, zodat de watercrassula zich niet kan verspreiden via het wateroppervlak."

Yn de twadde wike fan jannewaris giet it wurk wer fierder, mei it ôfgraven fan de grûn. "Dit gaat soms wel tegen ons gevoel in, maar het is wel nodig. Bij Midsland aan Zee hebben we twee duinvalleien afgegraven en dat is goed gegaan."

Jierren wurk

De kommende jierren is Steatsboskbehear noch wol dwaande mei de bestriding. "We moeten losse planten met wortel en al weghalen. En we geven voorlichting dat mensen niet zomaar planten in de natuur brengen die er niet in thuishoren. De watercrassula is niet meer in de handel, dus dat scheelt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)