Keunstevenemint Te Plak yn Nij Beets lûkt in soad besikers

31 des 2018 - 06:40

By iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets wie it ûngewoan drok ôfrûne freed en sneon. Gewoanwei is dêr om dizze tiid hinne neat te rêden, mar it winterkeunstevenemint Te Plak fan Kunst in Opsterland soarge foar in soad oanrin. De auto's stienen oant en mei de oprit nei it museum yn de berm.

In koffer yllustreard it ferhaal fan Jahoud Saflo út Syrië - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

In grutte groep keunstners wie frege om oangeande it tema 'te plak' bydragen te meitsjen mei in hiel grut ferskaat oan ynstallaasjes en oare keunstuterings as gefolch. Dat waard bytiden hiel tûk kombinearre mei de besteande ûnderdielen fan it museum de turfwinning.

Bygelyks it projekt fan byldzjend keunstner Alie Popkema mei dosint grafyske foarmjouwing Jahoud Saflo. Beide komme se út Bakkefean, wêrby't Saflo in folslein nij bestean besiket op te bouwen mei har man neidat sy út Syrië fuort moast.

Wêr bisto te plak?

By in petear oer it tema kamen wurden boppe driuwen dy't as wikkels om blokken turf yn in skip te sjen wienen. Alie Popkema: "Wêr bisto te plak. Dat is sa bepalend, mar wêr is Jahoud te plak? frege ik my ôf." En dat wie de basis foar it petear en úteinlik de hiele ynstallaasje ynklusyf in tekening en in koffer mei guod út Syrië.

Turf mei wurden oer it tema 'te plak' fan Jahoud Saflo en Alie Popkema - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

In stikje fierderop wie in lyts gebou it toaniel fan in ynstallaasje mei in net mis te fersteane boadskip oer de guozzen yn ús provinsje, dat foar dizze gelegenheid de namme guozzehûs meikrigen hie.

Under it kopke 'Wanted dead' stie in list fan de oantallen te sketten guozzen yn ús provinsje.

Lokstâl mei muzyk en gedichten

Dielnimmers Michel Pol, dichter Jan Kleefstra en muzikant Romke Kleefstra binne it dêr folslein net mei iens. Jan Kleefstra: "Wy fernuverje ús der oer dat dit hjir bart yn Fryslân yn it Kulturele Haadstêdjier. En der hearst der gjinien oer. It is ek bêst konfrontearjend. Wy wolle wol wat meitsje dat ûnder de hûd krûpt en wy meitsje net wat foar de gesellichheid."

It feanarbeidershúske waard sa in lokstâl mei muzyk en gedichten.

Dichter Jan Kleefstra en Alie Popkema út Bakkefean

De guozzelokstâl fan Michel Pol, Jan Kleefstra en Romke Kleefstra - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De winterkeunstmanifestaasje is no foarby.

(advertinsje)
(advertinsje)