Oprop yn Eastermar: fjoerwurkskoft op âldjiersjûn foar de hûnen

30 des 2018 - 20:51

Eigeners fan hûnen yn Eastermar freegje oan doarpsgenoaten dy't fan fjoerwurk hâlde om op âldjiersjûn even skoft te hâlden. Dan kinne de hûnen útlitten wurde.

Foto: Eigen foto

Se roppe - mei in rymke - op om tusken 22.00 en 22.30 oere even gjin fjoerwurk ôf te stekken. Dan ha de hûne-eigeners in healoerke om har hûnen út te litten. "It baaske kin dan rêstich in rûntsje, mei it foar fjoerwurk bange hûntsje", stiet yn de oprop.

It is net foar it earst dat hûnebazen yn Eastermar sa'n oprop dogge.

(advertinsje)
(advertinsje)