Gosse Koopmans makket bysûnder skilderij yn Thialf

30 des 2018 - 20:51

Skilder Gosse Koopmans belibbe yn Thialf in bysûnder wykein. De keunstner fan Eastermar stiet mei syn skildersezel en palet op de parsetribune en makket elke dei in skilderij fan it hast útferkochte iisstadion.

Gosse Koopmans skilderet yn Thialf - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie foar Koopmans in dream om nochris yn Thialf te skilderen. "It is in hiel bysûndere sfear hjir mei prachtich ljocht. Dat fyn ik echt hiel bysûnder. Ek skitterjende refleksjes yn it iis, dus dêr kin ik my wol mei fermeitsje."

Reedrydtafrielen binne it favorite ûnderwerp fan de skilder. "Dat sit hiel djip. Uteinlik is dit ek wol hiel unyk. Ik sit hjir tusken allegearre helden fan it iis en dêr mei ik dan samar tusken sitten te skilderjen", seit Koopmans.

Gosse Koopmans yn Thialf - Foto: www.orange-pictures.nl

Tastimming

It wie foar Koopmans noch in hiele toer om tastimming te krijen om yn Thialf te skilderjen. "Normaal ha je te krijen mei regels fan it ynternasjonale reedrydbûn ISU, dus ik hie it al in bytsje fan my ôfsetten. It wie dus wol in grutte ferrassing dat it no wol mocht."

Koopmans hat al in bestimming foar syn skilderijen. "Ik ha no in wintertentoanstelling yn Earnewâld en as it aanst klear is, komt it dêr te hingjen", seit de keunstner.

Gosse Koopmans

(advertinsje)
(advertinsje)