Ferlies Flyers nei sudden death; beslissingsduel moat bekerfinalist bepale

30 des 2018 - 20:37

De UNIS Flyers ha snein yn ekstra tiid mei 3-2 fan Devils Nijmegen ferlern. It wie in wedstriid yn de heale finale fan de beker. Om't de Flyers sneon de earste healefinalewedstriid wol wûn hiene, komt der no in beslissingswedstriid om te bepalen wa't nei de finale giet. Dy tredde wedstriid is yn Fryslân.

Brent Janssen (links) fan de Flyers - Foto: www.dijksfotografie.nl

Nei de earste perioade yn Nijmegen stiene de Flyers mei 2-0 achter. Nijmegen profitearre twa kear fan powerplay. Earst skoarde Levi Houkes, flak foar de ein fan de earste perioade makke Jeffrey Melissant de 2-0.

Oanslutingstreffer

Yn de twadde perioade hiene de Flyers ferskate kearen sels powerplay, mar it slagge de Friezen mar net om yn dy tiid te skoaren. Oant de lêste minút fan dy perioade. Doe moast Melissant nei de strafbank en makke Pippo Limnell de oanslutingstreffer.

Flyers moast yn de lêste perioade dus jacht meitsje op de gelykmakker, mar it bleau wer lang doelpuntleas. Dochs wie it wer flak foar tiid dat de Flyers skoarden. Diskear wie it Tony Demelinne. Nei't Flyers-goalie Jeff Honebeeke noch in goede rêding ferrjochte, wie de tiid op en gie de wedstriid yn overtime.

Overtime

Yn dy ekstra perioade spylje beide teams mei ien spiler minder. Doe't Demelinne straf krige stiene de Flyers wer mei in man minder op it iis. Yn dy perioade skoarde Nick de Jong foar Nijmegen en dêrmei besoarge hy syn ploech de oerwinning.

Yn de best-of-three-searje stiet it no 1-1. In tredde wedstriid moat útslútsel bringe oer wa't nei de bekerfinale giet. Dy tredde wedstriid is yn Fryslân, mar wannear is noch net bekend.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)