Hokker Fryske reedriders meie nei de WK ôfstannen en de EK's sprint en allround?

30 des 2018 - 20:13

No't de NK ôfstannen yn Thialf deropsitte, is foar in grut diel ek bekend wa't yn aksje komme op de WK ôfstannen, fan 7 oant 10 febrewaris yn it Dútske Inzell. Ek de dielnimmers oan it EK allround en it EK sprint (beide 11-13 jannewaris yn Collalbo, Italië) binne bekend.

Antoinette de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

Manlju op WK ôfstannen

By de manlju binne der mar twa Friezen dy't op in yndividuele ôfstân meidogge op de WK ôfstannen. Jorrit Bergsma rydt de 5 en de 10 kilometer, Sven Kramer allinnich de 5. Hy melde him ôf foar de 10 kilometer op de NK ôfstannen en dêrtroch kin er syn titel net ferdigenje.

5000 meter: Jorrit Bergsma, Sven Kramer

10000 meter: Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma mei syn coach Jillert Anema - Foto: www.orange-pictures.nl

Froulju op WK ôfstannen

By de froulju ha Ireen Wüst en Antoinette de Jong startbewizen op trije ferskillende ôfstannen pakt. Wüst waard kampioen op de 1000 en 1500 meter. Op beide ôfstannen hat De Jong har ek kwalifisearre. Op de 3000 meter gie de titel nei De Jong, mar pleatste ek Wüst har foar it WK. Op de koartste sprintôfstân wiene Janine Smit en Letitia de Jong de bêsten en dus meie sy dy ôfstân ride op it WK. Carien Kleibeuker docht yn Inzell mei oan de 5 kilometer.

500 meter: Janine Smit, Letitia de Jong

1000 meter: Ireen Wüst, Antoinette de Jong

1500 meter: Ireen Wüst, Antoinette de Jong

3000 meter: Antoinette de Jong, Ireen Wüst

5000 meter: Carien Kleibeuker

Janine Smit - Foto: www.orange-pictures.nl

Ploege-efterfolging, massastart en teamsprint

De dielnimmers oan de ploege-efterfolging, massastart en teamsprint op de WK ôfstannen wurde oanwiisd troch de nije bûnscoach Jan Coopmans. Dat docht er op syn lêst op 21 jannewaris.

Friezen op it EK allround

De reedriders koene har dit wykein ek kwalifisearje foar it EK allround fan 11 oant 13 jannewaris yn it Italiaanske Collalbo. By de manlju waard in kombinaasjeklassemint opmakke op basis fan de 1500 en de 5000 meter. Sven Kramer en Douwe de Vries binne de Fryske manlju dy't meidogge oan it EK.

By de froulju gie it kombinaasjeklassemint oer de 1500 en de 3000 meter. Ireen Wüst en Antoinette de Jong meie de Fryske eare heech hâlde.

Friezen op it EK sprint

By de manlju en froulju wie der ek in kombinaasjeklassemint foar pleatsing foar it EK sprint. Dêrby gie it oer de trije bêste riders op de 500 en 1000 meter dit wykein yn Thialf. Letitia de Jong wie de iennige Fryske reedrider dy't dêrby siet.

(advertinsje)
(advertinsje)