Produksje oaljekoeken rint 50.000 eksimplaren fertraging op troch wettersteuring

30 des 2018 - 19:53

De wettersteuring fan snein yn it súdwesten fan Fryslân kaam presys op ferkearde momint foar Venema Food yn Snits. Dêr wiene sy krekt begûn oan it bakken fan oaljekoeken en appelbenjees foar 70 Poiesz-fêstigingen, doe't der ynienen gjin wetter mear wie.

De twadde helte fan de middei waard de produksje wer oppakt - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De 40 meiwurkers koene net mear fierder, wêrtroch't it bedriuw in achterstân fan 50.000 oaljekoeken oprûn. "Der sit natuerlik in soad wetter yn oaljekoekebeslach", seit eigener Stephan Venema. "De jonges kamen by my: 'Hé, der is gjin wetter mear.'"

Stephan Venema fan Venema Food yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Doe't letter op de middei der wer wetter wie, waard de turbo derop setten. Venema: "Poiesz krijt no natuerlik hiel farske oaljekoeken. Sy binne fansels al farsk, mar no wol hiel farsk. Ik tink dat se waarm de winkel yngean."

It fuortfallen fan it wetter smyt úteinlik wol skea op foar Venema Food. Venema: "Je moatte fansels klanten teloarstelle. Wy binne no folop oan it wurk om by Poiesz de oaljekoeken yn de winkels te krijen. Der is no mar ien belangryk en dat is Poiesz."

Wetteroerlêst yn it súdwesten fan Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)