Belgysk pear bedarret mei auto yn sleat by Ingwierrum
In Belgysk pear is snein mei de auto yn it wetter bedarre tusken Ingwierrum en Iezumasyl. It ûngelok barde op de Saatsenwei. De auto kaam út de rjochting fan Dokkumer Nije Silen en ried nei Eanjum.
De bestjoerder kaam mei de auto yn de berm telâne en ferlear de macht oer it stjoer. It pear koe sels út de auto komme. Se binne noch wol ûndersocht troch it ambulânsepersoniel, mar net ferwûne rekke.