Douwe de Vries wint gaoatyske massastart op NK yn Thialf

Douwe de Vries hat snein yn Thialf de massastart op de NK ôfstannen wûn. Nei in falpartij mei ûnder oare twa favoriten bleau De Vries (36) wol oerein. Hy ried Arjan Stroetinga op it lêste rjochte stik foarby. By de froulju wie Marijke Groenewoud (twadde) de bêste Friezinne.
Douwe de Vries © www.orange-pictures.nl
Yn de lêste bocht foar de finish ried Stroetinga op kop, mei twa oare favoriten - Gary Hekman en Simon Schouten - flak efter him. Nei't Stroetinga út balâns rekke, giene Hekman en Schouten ûnderút. Stroetinga ferlear syn snelheid en Douwe de Vries profitearre optimaal. "Ik laitsje my hielendal stikken", sei er nei ôfrin.
Arjan Stroetinga waard noch wol tredde, efter Victor Ramler.
Marijke Groenewoud (argyf) © www.orange-pictures.nl

Sulver Marijke Groenewoud

By de froulju wie Irene Schouten de grutte favoryt en dy rol makke se wier. Se wie rapper as de folsleine konkurrinsje en pakte har sechsde titel op rige. Marijke Groenewoud fan Hallum einige as twadde, Elisa Dul waard tredde. Alle trije ride se yn de ploech fan Jillert Anema, krekt as de nûmer fjouwer Dieuwertje van Kalken.

Net automatysk nei it WK

De kampioenen op de massastart binne net automatysk pleatst foar de WK ôfstannen fan febrewaris yn Inzell. Yn prinsipe wiist de nije bûnscoach Jan Coopmans beide dielnimmers oan. Hy selektearret ek de riders foar de ploege-efterfolging en de teamsprint, dy't yn Inzell foar it earst op it programma stiet.